Europeeske besite oan skoallen

12 feb 2008 - 13:18
  • It Marnekolleezje krige bûtenlânske dosinten op besite
  • De dosinten wolle alles witte fan it twatalich ûnderwiis

Leararen út Hongarije, Spanje en Turkije stekke yn Fryslân harren ljocht op oer meartalich ûnderwiis. Se sjogge dêrfoar op it Marne Kolleezje yn Boalsert. Bern kinne dêr foar in grut part les yn it Ingelsk krije. It Ingelsk is dan de fiertaal by de lessen wiskunde of gymnastyk.

De delegaasje sjocht ek noch op Fryske trijetalige basisskoallen. De besite is organisearre troch it Europeesk Platfoarm foar ûnderwiissaken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)