Europeesk jild foar de boeren

19 okt 2009 - 19:51

De Europeeske Kommisje lûkt goed 280 miljoen euro út om Europeeske molkfeehâlders te helpen. Foar Nederlânske boeren is goed 21 miljoen euro beskikber. Troch de lege molkprizen binne in soad boeren yn de problemen kaam en Europa hopet se sa oer it deade punt hinne te helpen.

Der wurdt al moannen om Europeeske stipe roppen, mar oant no sûnder resultaat. Hoe't en wannear't it jild nei de boeren ta komt, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)