Europeesk aventoer giet oan foar follybalsters út Snits

04 jun 2015 - 22:10
  • Huldiging follybalfroulju yn Snits

De follybalsters van VC Snits sille definityf Europeesk follybal spylje. Foar freed moasten se witte litte oft se harren ynskriuwe soene. Dat is net om 'e nocht, Snits moat der 50.000 euro foar byelkoar bringe. Dat bedrach is noch net binnen, mar it bestjoer fan de klup hat der fertrouwen yn dat it jild der komt. Neist jild fan sponsors sille der aksjes op tou set wurde, lykas kliniks.

Freed hearre de follybalsters fan VC Snits wa't har tsjinstanner wurdt yn de earste omloop. Dy wedstriden stean foar novimber op it programma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)