Europarlemintariër: "Omrop Fryslân moat selsstannich bliuwe"

18 sep 2015 - 13:35
  • Europeesk Parlemint

As iennichste Frysktalige omrop yn Nederlân moat Omrop Fryslân folslein selsstannich bliuwe en net opgean yn de RPO, de nije nasjonale organisaasje foar regionale omroppen. Dat is de opfetting fan Europarlemintariër Josep Maria Terricabras út Kataloanië. Yn it Europeesk Parlemint is Terricabras fraksjefoarsitter fan de Europeeske Frije Alliânsje, it gearwurkingsferbân fan politike partijen fan minderheden, dêr't ek de FNP by oansletten is.

Neffens Terricabras is it stribjen fan de Nederlânske Ryksoerheid om Omrop Fryslân ûnder te bringen yn ien organisaasje mei alle oare regionale omroppen yn striid mei it Hânfêst foar Regionale en Minderheidstalen fan de Ried fan Europa. In eigen omrop yn eigen taal is neffens de Katalaan fan libbensbelang om de eigen taal en kultuer te behâlden. Terricabras wol no fan de Europeeske Kommisje witte wat dy fynt fan de mediaplannen fan de Nederlânske ryksoerheid. Hy wol ek witte wat de Europeeske Kommisje hjiroan dwaan sil.

De EFA, de partij fan Terricabras, sjocht dat op ferskate plakken yn Europa omroppen yn minderheidstalen ûnder druk steane. Yn Spanje is dat bygelyks ek it gefal yn Valencia en op de Baleäryske eilannen, en ek yn Wales wurdt besunige op de Welske tv-stjoerder S4C.

Lês it berjocht fan de European Free Alliance

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)