Europaplein as monumint sjen

18 jul 2012 - 16:22
  • Europaplein

It hiele Europaplein yn Ljouwert moat oanwiisd wurde as gemeentlik monumint. Dat wol in groep omwenners. De gemeente wol de besteande rotonde ferfange troch in turborotonde. De ferwachting is dat it noch folle drokker wurdt op it Europaplein, as it Noardwesttangent en de nije Heak om Ljouwert klear binne. De bewenners binne dêr op tsjin, om't it plein foar har dan minder goed tagonklik is. Ek binne se benaud dat it bysûndere karakter fan it plein ferlern giet. Ien fan de flats en de fontein yn 't midden fan it Europaplein binne al in monumint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)