'Europa lit lytse talen sitte'

23 sep 2014 - 10:08
  • Europeeske flaggen

De Europeeske Kommisje hat gjin omtinken mear foar lytse talen. Dat fynt it Europeeske Netwurk foar Promoasje fan Meartaligens (NPLD). Wie der earder noch in Eurokommissaris foar lytse talen, no is dy portefúlje skrast.

Neffens foarsitter Jannewietske de Vries fan it netwurk is soks yn dizze tiid ûnbesteanber. Krekt no't guon regio's lykas Skotlân en Kataloanje driigje mei ôfskieding is der yn de kommisje kwalik omtinken foar taalminderheden. It netwurk makket him grutte soargen oer de ûntwikkeling.

Earder oannommen resolúsjes yn it Europeesk Parlemint oer lytse talen wurde net oppikt en negeard. De Vries hopet no dat de Nederlânske Eurokommissaris Frans Timmermans de portefúlje oppakke wol.

Besjoch hjir de webside fan it NPLD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)