'Europa' kritysk oer Fryske les

04 jan 2005 - 17:15

De Ried fan Europa hat op ynternet in tige kritysk rapport publisearre oer it ûnderwiis yn de Fryske taal. Neffens in kommisje fan eksperts fan 'e Ried fan Europa is it ûnderwiis yn it Frysk de lêste jierren achterútgien. Neffens de Ried wurdt it Frysk te min brûkt op de measte skoallen en wurdt der ek te min tiid oan de Fryske les bestege.

It plan fan 'e provinsje om de easken oan it fak Frysk te ferleegjen neame de Europeeske saakkundigen 'soarchlik'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)