Europa Cup minygolf yn Appelskea is 'topsport'

02 okt 2015 - 10:43
  • Dielnimmers oan de Europa Cup dwaande mei de waarming up

Op de minygolfklup Appelskea is op dit stuit de Europa Cup minygolf dwaande. Der dogge 19 lânskampioenen en twa bekerwinners oan mei. De dielnimmers komme ûnder oare út Nederlân, Dútslân, Italië, Portugal, Tsjechië en Sweden.

Roelof Hooijsma is foarsitter fan de minygolfklup Appelskea. Hy sit yn 'e organisaasje fan 'e Europa Cup. Neffens Hooijsma is ynternasjonaal minygolf in tige serieuze sport. Der binne ek dopingkontrôles en trainingskampen. It Dútske team hat fiif wike yn Appelskea traind.

De Dútsers en de Sweden binne de grutste favoriten foar de einoerwinning. It Nederlânske team komt út Oirschot. Sy hoopje sechsde te wurden yn it einklassemint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)