Europa akkoart mei kompensaasje mûzeskea

28 apr 2015 - 17:11
  • Mûzeskea

De Europeeske Kommisje yn Brussel giet akkoart mei de kompensaasjeregeling foar mûzeskea yn Fryslân. Dat betsjut dat de provinsje op 1 maaie de regeling iepenstelle kin.

Provinsjale Steaten stelle tsien miljoen euro beskikber foar boeren dy't dupearre binne troch mûzeskea. Boeren dy't net by harren thúsbank terjochte kinne, kinne in liening krije. Dêrfoar moatte se in kredytferklearring ôfjaan, dy't oantoane moat dat de boeren in sûn bedriuw hawwe. De provinsje jout in liening fan fyftjin jier.

Maksimaal 80 prosint fan it skeabedrach wurdt fergoede, mei in minimumbedrach fan sa'n 25-tûzen euro en in maksimumbedrach fan 120-tûzen euro oan skeafergoeding. Net mear as fjouwerhûndert boeren kinne de liening krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)