Euroferdraggen no ek yn Frysk

23 sep 2011 - 16:37

De twa belangrykste Europeeske ferdraggen binne no ek yn it Frysk te lêzen. It giet om it Ferdrach fan Lissabon en it EU-Wurkingsferdrach. It kabinet hat dat tasein nei fragen út de Earste en Twadde Keamer. De Keamerleden joegen oan dat se in Fryske ferzje belangryk fûnen.

Kommissaris fan 'e keninginne Jorritsma seit dat de oersetting oanjout dat it Frysk as taal in folweardige posysje hat. Boppedat fergruttet it de tagonklikens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)