Euro-toques foar Arumer ythûs

30 sep 2013 - 10:54
  • Foarbyld fan in Yndonesysk gerjocht by Tandjong Priok
  • Sicco en Esther Gerlsma fan Tandjong Priok

It Yndonesyske en Taiske restaurant Tandjong Priok yn Arum is bekroand mei it Euro-toques sertifikaat. Dat betsjut dat de keuken ambachtlik is en farske en seizoensbûne produkten brûkt út de eigen streek. De sertifisearring fan it restaurant is opmerkelik, omdat it in Asiatyske keuken fiert.

Neffens Sicco Gerlsma, de eigener fan Tandjong Priok, is yn Fryslân folle mear te krijen as in soad minsken witte. Sa hellet hy ûnder oare wetterbuffelfleis, geitefleis, fisk en in soad farske griente út de eigen streek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)