Euro-aksje Arriva rint goed

02 aug 2006 - 10:19

Ferfiersbedriuw Arriva is tefreden oer it oantal minsken dat oant no ta in goedkeap buskaartsje kocht hat. Yn de simmerfakânsje kinne reizgers sa'n kaartsje keapje foar ien euro. Sawat 30.000 minsken hawwe dat dien, ek al wie it hiel waarm.

De aksje is yntusken ek útwreide nei bûten de provinsje. Sa kinne reizgers út Drachten en Easterwâlde trochride nei Grins of Assen. Reizgers moatte dan wol yn Fryslân opstappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)