Eurlings iepenet dyk N31

03 feb 2009 - 21:15
  • Minister Eurlings fan Ferkear

Minister Camiel Eurlings fan Ferkear sil takom wike moandei de N31 tusken Surch en Harns offisjeel iepenje. De ombou fan de dyk ta in fjouwerbaansautodyk is klear, neidat Rykswettersteat yn 2007 begûn is mei it wurk.

Yn totaal is sa'n sân kilometer dyk ferdûbele. Dêrby binne ek twa fiadukten en in brêge oanlein. Ek is der in brêge oer de Harnzerfeart makke. Yn it ferline barden der in soad ûngelokken op de dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)