EU ûndersiket suvelfúzje

17 jul 2008 - 22:48
  • De EU wol de gefolgen fan de fúzje witte

Eurokommissaris Neelie Kroes sil de foarnommen fúzje tusken de suvelkonserns Friesland Foods en Campina djipgeand ûndersykje. De Europeeske Kommisje set grutte fraachtekens by de fúzje, want der soe sa wol in hiel grut bedriuw ûntstean op de Nederlânske suvelmerk.

Lânbou-organisaasje LTO-Noord hat him earder posityf útlitten oer de fúzje. LTO ferwachtet dat dit foar in bettere molkepriis soargje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)