EU kin 'Toer fan Babel' wol oan

04 jun 2001 - 00:00

Tolken en oersetters yn Brussel binne net benaud foar de 'Toer fan Babel'. No hat de Europeeske Uny noch alve offisjele talen. As de EU neffens plan útwreidet, sille dat 22 wêze, goed foar 462 talekombinaasjes.

Neffens kritisi wurde de oersetkosten dan wol hiel heech. De EU-tolken sprekke dat tsjin. Twa eurosint de EU-ynwenner yn it jier falt wol wat ta, sizze se.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)