Etos yn Ljouwert oerfallen

16 apr 2010 - 18:49
  • Etos by Cambuurstadion oerfallen

De Etosdrogisterij oan de Insulindestrjitte yn Ljouwert is freed oan it begjin fan de jûn oerfallen troch in man mei in fjoerwapen. It giet om in jongeman mei in kapusjon oer de holle. Hy bedrige it personiel en helle de klûs leech.

De plysje hat in boargernetaksje opset. Der diene sa'n 1500 minsken oan mei, mar de dieder waard net pakt. By de oerfal rekke net ien ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)