Etienne Stomp assistint Foppe

03 jun 2011 - 12:25
  • Etienne Stomp (foto: hakemaseboys.nl)

Etienne Stomp fan Drachten is beneamd ta assistint bûnscoach fan Tuvalu. Ferline wike waard bekend dat Foppe de Haan dêr fjouwer wiken lang bûnscoach wurdt. It kontrakt fan Stomp rint fan 1 july oant en mei 15 septimber. De 54-jierrige Stomp wurket lykas De Haan pro-deo foar it fuotbalbûn.

Stomp giet yn july nei Tuvalu om de komst fan De Haan yn augustus ta te rieden. Hy sil de seleksje werombringe fan 30 nei 23 spilers. Stomp en De Haan hawwe earder gearwurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)