Estlânsk houten hûs yn Doezum

21 nov 2005 - 09:34

Yn Doezum wurdt fannewike it earste houten Estlânske hûs yn Nederlân iepene. Sokke houten hûzen komme der hieltiten mear yn Nederlân. Se ha in soad foardielen boppe hûzen fan bakstien. Se binne duorsum, binne goed isoalearre en ha amper ûnderhâld nedich. In houten hûs kin yn acht wike tiid boud wurde.

It earste Estlânske houten hûs wurdt iepene troch de ambassadeur fan Estlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)