Essent Snits pakt fjouwer punten

29 jan 2001 - 09:54

De volleybalsters fan Essent Snits hawwe sneon fjouwer punten pakt tsjin de nûmer twa Stam Sovolco. De Friezinnen wûnen mei 3-1 fan de froulju út Soest.

De Snitsers wiene yn dit duel dúdlik oerhearskjend. De earste twa set wûnen se frij maklik (25-17 en 25-16). Mar Sovolco kaam yn 'e tredde set werom (25-22). Dyselde froulju soene de fjirde set op harren namme skriuwe (12-25).

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)