Essent ferheget tariven

12 maaie 2008 - 12:32

Enerzjybedriuw Essent ferheget mei yngong fan 1 july de prizen foar gas en elektrisiteit. Neffens in wurdfierder fan Essent is dat nedich omdat de prizen foar grûnstoffen as koalen, gas en oalje omheech gong binne.

Hoefolle at de tariven omheech gean, is noch net bekend. Wol lit Essent wite dat de priis foar elektrisiteit minder omheech giet as dy fan gas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)