Essent betellet skeafergoeding

14 apr 2005 - 21:59

Kabelbedriuw Essent betellet Cees Boer fan Skiermuontseach in skeafergoeding fan 500 euro. Boer moast twa dagen frijnimme, omdat monteurs fan it kabelbedriuw wat dwaan soene oan syn ynternetferbining. De monteurs kamen lykwols beide dagen net opdaagjen.

Yn earste ynstânsje woe Essent in folle lytsere skeafergoeding útbetelje. Neidat Boer mei in rjochtsaak drige, hat Essent it bedrach ferhege.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)