Eschermuseum lûkt 1100 minsken

17 nov 2002 - 00:00

It nagelnije Eschermuseum yn it paleis oan it Lange Voorhout yn Den Haach hat snein op de earste dei fuort al mear as 1100 besikers lutsen. Yn it museum binne 200 tekeningen, etsen, lito's en houtsnedes fan 'e yn Ljouwert berne keunstner te sjen. It museum waard sneon iepene troch premier Balkenende.

Direkteur Wim van Krimpen ferwachtet dat it museum in topattraksje wurdt, dêr't 80.000 oant 100.000 minsken it jier op ôfkomme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)