Escher-museum yn Den Haach

10 jun 2002 - 00:00

De grafikus Escher krijt in eigen museum yn Den Haach. Maurits Escher wenne fan 1898 oant 1903 yn it Prinsessehôf oan de Grutte Tsjerkstrjitte yn Ljouwert.

It museum komt yn Museum het Paleis oan de Lange Voorhout. Ald-direkteur Van Krimpen fan it Frysk Museum wurdt direkteur fan de Escher-kolleksje. De iepening is yn desimber. Te sjen is it bysûndere grafysk wurk fan Escher.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)