Erwin Zwart op skot yn Nederlânsk kuorbalteam op WK

31 okt 2015 - 20:58
  • Erwin Zwart by LDODK

Erwin Zwart hat mei it Nederlânske kuorbalteam ek de twadde wedstriid op it WK yn België wûn. Dútslân waard mei 35-12 ferslein. Zwart, spiler fan LDODK fan Terwispel en De Gordyk, skoarde sân kear. Freed spile Nederlân sûnder Zwart tsjin Tsjechië. Dy wedstriid waard mei 41-16 wûn. Snein is de lêste pûlwedstriid tsjin Hongarije. Nederlân is de grutte favoryt foar de wrâldtitel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)