Erven J.J. Cale tige te sprekken oer Biltse bewurking

19 jun 2015 - 10:48
  • In 'kiky' fan de Biltse sjonger/ferskeskriuwer Jan de Vries

In filmke fan in optreden bij Omrop Fryslân radio hat de oandacht lutsen fan de erven fan de ferneamde Amerikaanske sjonger JJ Cale. It giet om in optreden fan sjonger Jan de Vries fan de Feetwarmers, dy't in tal nûmers fan JJ Cale yn it Biltsk brocht yn radioprogramma Radio Froskepôle. De neibesteanden fan JJ Cale wiene dêr sa fan ûnder de yndruk, dat se De Vries no freegje oft se in stik fan dat filmke op de Facebookside fan JJ Cale sette meie.

JJ Cale ferstoar twa jier lyn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)