Ernst ferliest earste partij

16 jan 2005 - 17:30

Skaker Sipke Ernst fan Damwâld hat sneon syn earste partij fan it Corus Chess Toernoai yn Wijk aan Zee ferlern. Mei swart koe er it net hâlde tsjin de Oekraïner Karjakin. Ernst komt yn Wijk aan Zee út yn de Grutmastergroep B.

De kommende twa wike spilet Ernst yn totaal 13 partijen. Ferline jier prestearre Ernst hiel goed by it Corus Chess Toernoai. Net allinne waard er doe grutmaster, mar hy promovearre ek nei de ien nei heechste groep.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)