Ernst en Werle net nei NK skaken

07 jan 2007 - 15:40

Skaker Sipke_Ernst fan Damwâld sil dit jier net meidwaan oan de finale fan it Nederlânsk Kampioenskip. Ernst ferlear snein de lêste ronde fan de heale finale fan Martijn_Dambacher. Ernst moast de winst oan syn tsjinstanner litte omdat er net 40 setten yn de tastiene betinktiid dwaan koe.

De oare Fryske dielnimmer, Jan_Werle fan Beetstersweach, ferlear snein nei in barraazje fan Manuel Bosboom. Hy mei sadwaande ek net nei it NK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)