Ernst en Tondivar ronde fierder

14 mrt 2004 - 00:00

Skaker Sipke Ernst (25) fan Damwâld is de heale finale fan it NK yn it gebou fan Wetterskip Fryslân dit wykein begûn mei winst op Arthur van der Oudeweetering. Ernst is dêrmei goed op wei om him op 'e nij te pleatsen foar it NK, letter dit jier yn Ljouwert.

Babak Tondivar (35) út Ljouwert wûn snein ferrassend fan Jop Delemarre en is ek troch. Yge Visser spile remise tsjin Jan Smeets en mei besykje om him fia barraazjepartijen te pleatsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)