Erkenning foar útstoarne taal

28 mrt 2001 - 00:00

It Britse regear wol de Keltyske taal Cornish opnimme yn it Hânfêst foar Minderheidstalen. It Cornish is besibbe oan it Bretons en stoar út om 1800 hinne.

Yn 1904 begûn lykwols in lytse revival fan it Cornish. Hjoeddedei binne der wer sa'n 300 sprekkers en 2500 minsken dy't it ridlik yn 'e macht ha. Op tolve basisskoallen en fjouwer skoallen foar fuortset ûnderwiis is it no in fak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)