Erik Schuur mooglik wer by Aris

05 jul 2006 - 23:36

Erik Schuur komt mooglik werom by basketbalferiening Woon!Aris út Ljouwert. De guard-forward (23) rûn in jier lyn in swiere knibbelblessuere op. Mar dy is no sa fier wer klear dat hy wer meitraine kin. As bliken docht dat hy werom komme kin op syn âlde nivo, dan krijt er in kontrakt.

Aris hat fierder de 20-jierrige forward Merlijn van der Meulen, fan MPC Capitals út Grins fêstlein. Hy is de fjirde nije spiler foar takom jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)