Erik Negerman wint yn Grou

08 mrt 2009 - 16:32
  • Mariska Kramer (argyffoto)

Fries om utens Erik Negerman fan Hilversum en Mariska Kramer fan Drachten hawwe de 39e edysje fan de Marreloop ('Merenloop') wûn. Negerman dy't ferline jier ek yn Grou wûn, hie nei 14 kilometer twa minuten en 49 sekonden foarsprong op Rudi van der Lelie út Jobbegea. Gerrit Kramer út Boalsert waard tred.

Mariska Kramer wûn by de froulju. Krekt werom fan trainingsstaazje yn Portugal wûn se mei 4,5 minút foarsprong op Yvonne Tinga fan Boalsert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)