Erik Negerman: Ik wol winne

09 jun 2008 - 15:23
  • Erik Negerman yn aksje yn Ljouwert

Erik_Negerman fan Hilversum wol no sneon de tredde Slachtemaraton winne. Negerman is yn foarm, want hy wûn koartlyn ek al heale maraton fan Ljouwert. De Slachtemaraton is foar Negerman in moaie test. Hy wol in tempo fan 17, 18 km yn ´e oere rinne.

As it him slagget om in goede tiid del te setten, wol er yn ´e takomst ek meidwaan oan gruttere maratons lykas dy fan Amsterdam en Rotterdam. Negerman beskôget Remon van_Lunzen as syn grutste konkurrint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)