Erik Eleveld werom nei WKE

03 jan 2012 - 17:08
  • Harkemase Boys

Harkemase Boys-spiler Erik Eleveld giet nei WKE. Eleveld kaam yn de winterstop oer fan de klup út Emmen, mar hy krige by de Boys, ûnder oare troch in blessuere, gjin basisplak. Eleveld hat sels oerskriuwing nei WKE oanfrege. Harkemase Boys sil besykje Peter van der Slot fan WKE nei De Harkema te krijen. Dat wurdt lykwols in dreech ferhaal, omdat oerskriuwing tidens it seizoen net samar mei.

Freed giet de seleksje fan de Boys op trainingskamp nei Marbella.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)