Erik Braal nije coach Aris

23 maaie 2011 - 12:02
  • Erik Braal

Erik Braal wurdt de nije trainer-coach fan basketbalklup Aris. De 40-jierrige Braal die earder itselde wurk by Bergen op Zoom en Rotterdam. Braal tekenet in kontrakt foar twa jier.

Manager Gert Schurer is bliid mei de komst fan Braal. Braal is de opfolger fan Pete Miller. Hy moat de Ljouwerter basketballers wer in stap fierder bringe. Aris hat de doelstelling om kommend seizoen by de earste fjouwer te einigjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)