Eric ter Keurs hâldt op as boargemaster Tytsjerksteradiel

18 feb 2016 - 20:14

Eric ter Keurs fan de gemeente Tytsjerksteradiel hâldt per 1 septimber op as boargemaster. Tongersdeitejûn makke er yn de riedsfergadering bekend dat er ôfsjocht fan in twadde termyn. Ter Keurs sil yn syn restearjende perioade op syk nei in nije funksje bûten it iepenbier bestjoer.

Eric ter Keurs is sûnt febrewaris 2011 boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Dêrfoar wie er boargemaster fan Ljouwerteradiel en wethâlder fan Slochteren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)