Erfstikken stellen yn Harns

18 jul 2011 - 21:05
  • De sieraden dy't stellen binne

De plysje ûndersiket in ynbraak yn Harns fan ferline wike tiisdei. Doe waard út it hûs fan Fred van Vliet oan it Hendstehof tusken healwei alven en healwei fjouweren ynbrutsen.

Dêrby binne sieraden stellen dy't foar de eigner grutte emosjonele wearde hawwe. In gouden halsketting en earmbân wiene erfstikken fan syn mem, dy't yn de oarloch yn Auschwitz om it libben brocht is. De plysje wol graach tips en ynformaasje oer de ynbraak en it stellen guod hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)