'Erfpachtferheging giet troch'

02 jul 2010 - 12:23

Steatsboskbehear giet troch mei it ferheegjen fan 'e erfpacht op 'e Waadeilannen. De Twadde Keamer hat it plan fan minister Verburg foar de ferheging ôfwiisd, mar de minister bliuwt foarearst by it foarnimmen.

Steatsboskbehear wol de erfpacht fan fakânsjehúskes benammen op Flylân en Skylge de kommende tritich jier mei hûnderten prosinten ferheegje. Verburg is it dêr mei iens: steatsboskbehear hannelt merkkonform. De grûn is de lêste tiid folle mear wurdich wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)