Erfpacht net fan stadion ôf

03 jan 2006 - 08:50

De gemeente Ljouwert wol syn sizzenskip oer de grûn fan it Cambuurstadion net opjaan. Dat seit wethâlder Hafkmap oer it plan fan sakeman Riedstra. Dy hat oanjûn dat er it stadion oernimme wol.

De betingst is lykwols dat de gemeente de erfpacht fan de grûn hellet. De gemeente hat dan gjin inkele sizzenksip mear oer de grûn. Hafkamp is benaud dat de sportfoarsjennings dan ferdwine en de grûn foar miljoenen ferkocht wurdt oan in projektûntwikkelder.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)