Equal Souls winne Liet 2010

23 maaie 2010 - 03:47
  • Equal Souls (foto's: Patrick Visser)
  • Louiza Saitova

De band Equal Souls út Rotterdam hat de sjuerypriis fan Liet 2010 wûn. Mei harren liet 'Do swalkest' makke de formaasje fan sjongeres Janneke Brakels in soad yndruk op de sjuery. De earste Ivan Pel publykspriis waard wûn troch Louiza Saitova fan Wâldsein mei har liet 'Rêden troch muzyk'.

Equal Souls sil de kommende hjerst Fryslân fertsjintwurdigje op Liet Ynternasjonaal 2010. Liet Ynternasjonaal is dit jier op sneon 27 novimber yn it Bretonske Lorient.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)