Eppinga en De Jong pakke titels by konkoers Bûtenpost

05 aug 2015 - 18:34
  • Hendrik Eppinga mei de merje Ytsjen
  • Frits de Jong waard winner by de fjouwerspannen

Hendrik Eppinga fan Aldemardum hat woansdei it Nederlânsk kampioenskip foar túchhynders Frysk ras merjes foar de seas wûn. Mei de merje Ytsjen waard er troch de sjuery útroppen ta winner. Twadde waard Mechtold Jonker fan Sint Nyk mei har merje Marije Marit H. Sybren Minkema einige as tredde mei it hynder Auckje fan 'e Alde Ryd.

De nasjonale titel by de fjouwerspannen Frysk ras foar de landauer waard in proai foar Frits de Jong fan Tsjerkgaast. Twadde waard Susan Bouwman fan Nijeveen, foar Udo de Haan fan Beetstersweach dy't tredde waard.

De grutte priis fan Bûtenpost by it springen waard wûn troch Anne de Vries fan Broeksterwâld mei it hynder Confidence. Hy ried de barraaazje sûnder flaters yn de rapste tiid (35.93). Hester Klompmaker waard yn eigen doarp twadde en tredde mei de hynders Denolia en Djumpsina SFN. Klompmaker wie ek foutleas, mar hie mei 37.18 en 38.06 mindere tiden. Anne de Vries pakte ek it fjirde plak mei Emara Dymare yn 39.31.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)