Epke Zonderland yn twa finales

22 mrt 2010 - 22:12
  • Epke Zonderland (argyffoto)

Turner Epke Zonderland hat him by de wrâldbekerwedstriden yn Doha (Katar) op de brêge en oan it rek foar de finale pleatst. Maklik gong it op beide tastellen net.

Op de brêge makke Epke in flater. Syn skoare fan 14.000 wie genôch foar it sechsde plak. Op syn favorite tastel de rekstôk gong it twa kear mis mei de learkes. Dy sieten dûbelteard en sadwaande koe er in fluchtkombinaasje net turnje. Mei 14.850 punten waard er dochs noch sechsde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)