Epke Zonderland yn twa finales

13 nov 2009 - 22:05
  • Epke Zonderland (argyffoto)

Turner Epke_Zonderland fan De Lemmer hat him pleatst foar twa tastelfinales tidens de wrâldbekerwedstriid yn Stuttgart. Op de rekstôk wie hy mei in skoare fan 15,100 de bêste yn de kwalifikaasje. Op de brêge einige Zonderland as fjirde mei in puntetotaal fan 15,125.

De Lemster giet yn Stuttgart op jacht nei de winst fan it klassemint fan de wrâldbeker op it heechrek. Syn iennige konkurrint foar dy titel, Aljaz Pegan, foel twa kear en docht net mear mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)