Epke Zonderland yn foarm

18 maaie 2008 - 19:44
  • Epke hat de foarm wer aardich te pakken (foto Martin de Jong)

Turner Epke Zonderland hat de foarm wer aardich te pakken. By wedstriden foar kwalifikaasje foar it NK turne hy yn Volendam oan it rek in skoare fan 15,100. Mei dat totaal liet hy sjen dat it mei de foarm foar de Olympyske Spelen wol goed sit.

Dat foarmbehâld moat Zonderland ein maaie sjen litte yn Moskou en oars in wike letter yn Barcelona. Dúdlik is dat de blessuere oan it skouder dêr't hy sûnt novimber lêst fan hie, him no hast net mear pleaget.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)