Epke Zonderland twadde by WB

08 nov 2009 - 20:17
  • Epke Zonderland (argyffoto)

Epke Zonderland is snein yn Osijek (Kroäsië) twadde wurden by de wrâldbekerwedstriden oan it rek. De Fryske turner moast allinne de Sloveen Aljaz Pegan foargean litte. Pegan helle 15,675 punten, Zonderland 15,550. Beide turners stean yn it wrâldbekerklassemint no tegearre op it earste plak. Der stiet noch ien wedstriid op it programma.

Op de brêge helle Epke Zonderland krekt net it poadium. Mei in puntetotaal fan 14,925 waard er fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)