Epke Zonderland tefreden oer poadiumtraining yn Rio

15 apr 2016 - 14:08
  • Epke Zonderland (argyffoto)

Turner Epke Zonderland sjocht tefreden werom op de poadiumtraining fan de Nederlânske turners tongersdeitejûn yn Rio de Janeiro. Sneon moat yn it Olympysk kwalifikaasjetoernoai in teamticket feilich steld wurde foar de Spelen. Zonderland is noch hieltyd oan it weromkommen nei in operaasje oan syn byholten. Nei de training fan tongersdei tinkt er in serieuze bydrage leverje te kinnen oan it teamresultaat. ''Op rek zat er een groot verschil met twee weken geleden. Ik heb mijn oefening moeilijker gemaakt en ik kon 'm goed volhouden."

Zonderland kin topfit in oefening turnje mei in útgongswearde fan 7,7. Twa wike lyn tocht syn coach Daniël Knibbeler dat syn pupil yn Rio ta 6,2 komme soe. Dat wie by de poadiumtraining al 6,7. Zonderland komt op trije tastellen yn aksje: de rekstôk, brêge en foltige. ,,Het is wel even wennen. Het tijdverschil en de temperatuur voel je wel aan je lichaam. Op foltige zat ik er nog niet lekker in'', seit er. De ploech bestiet neist Epke Zonderland út de turners Deurloo, Bletterman, Rijken, Schmidt en Wammes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)