Epke Zonderland sulver op rek

25 apr 2010 - 18:42
  • Sulver foar Epke

Epke Zonderland hat op it EK yn Birmingham sulver helle oan de rekstôk. De Fryske topturner, dy't op it WK fan 2009 ek twadde waard, helle in skoare fan 15,375 punten. Allinne de Gryk Vlasios Maras wie mei 15,400 krekt better. It brûns wie foar de Dútsers Fabian Hambüchen en Philipp Boy mei 15,350.

Krekt foar de rekstôkfinale wie Epke Zonderland fiifde wurden op de brêge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)