Epke Zonderland sportman 2009

09 jan 2010 - 18:01
  • Epke Zonderland (foto: Martin de Jong)

Turner Epke Zonderland is de bêste sportman fan 2009. Dat hawwe de harkers en sjoggers fan Omrop Fryslân sneon bepaald yn de nûmer-1-enkête. Epke helle mar leafst 55 % fan 'e stimmen. In soad stimmers keazen foar him, omdat hy meidocht yn in mondiale sport. Twadde wie reedrider Sven Kramer mei 25 persint fan de stimmen.

Ek wiene der aardich wat stimmen foar hurdfytser Lieuwe Westra. By de froulju waard keatster Afke Hylkema keazen as bêste sportfrou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)