Epke Zonderland: Myn timing wie net goed

16 apr 2015 - 16:14
  • Epke Zonderland

Op syn 29e jierdei gie it foar Epke Zonderland tongersdei goed mis op it EK yn Montpellier. Troch in ferkearde timing tusken de flechteleminten Kolman en Gaylord 2 bedarre de Olympysk kampioen op de flier. It grutste probleem foar Epke wie it ferskil tusken de rekstôk yn de trainingshal en dy yn de wedstriidhal.

Zonderland wie sawiesa dwaande mei in oefening dy't net lekker rûn, seit er sels. "Ik siet faak te ticht op de stôk." Trije jier lyn foel Zonderland yn Montpellier ek alris fan de rekstôk.

Troch de fal is Zonderland no de Europeeske titel kwyt. Syn earstfolgjende grutte wedstriid is it wrâldkampioenskip yn Glasgow. Dêr wurde ek Olympyske tickets foar 2016 ferdield.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)