Epke Zonderland komt út op trije tastellen op WK turnjen

23 okt 2015 - 21:22
  • Epke Zonderland (argyffoto)

Turner Epke Zonderland komt moandei op it WK turnjen yn Glasgow út op trije tastellen. Zonderland komt út op rek, brêge en foltiizje. Syn tarieding waard ein augustus fersteurd troch in harsenskodding, nei't er fan de rekstôk foel.

Neffens Zonderland hat er troch de blessuere twa moannen ferlern en moast er syn plannen aardich bystelle. De regearjend wrâldkampioen jout oan dat er him goed fielt en giet op foar syn tredde wrâldtitel op rige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)