Epke Zonderland docht oanpaste rekoefening by ynterlân

01 apr 2016 - 12:23
  • Epke Zonderland op de parsekonferinsje

Turner Epke Zonderland sil dit wykein in oanpaste rekoefening dwaan by de ynterlân fan Nederlân tsjin Frankryk. Zonderland sil dat dwaan yn it twadde team fan Nederlân en net yn it earste. Epke Zonderland is noch net hielendal fit. Hy waard yn desimber opereare oan groanysk ûntstutsen byholten. It werstel gie dêrnei net hiel fluch.

Op 16 april stiet it kwalifikaasjetoernoai foar de Olympyske Spelen yn Rio de Janeiro op it programma. Dan wol Epke Zonderland nettsjinsteande de trainingsefterstân wer yn foarm wêze.

Epke Zonderland sil yn syn oanpaste oefening mar twa saneamde flechteleminten útfiere. Eleminten wêrby't de turner hielendal oer de kop giet, binne neffens trainer Daniël Knibbeler it meast belêstend. Zonderland komt sneon ek út op foltiizje en brêge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)